Cover-350-bij-420(23ste jiergong, nr.5, septimber/oktober 2017) 
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf-bestân)

Sa yntinsyf oft de betinking fan Luther syn stellingen yn Dútslân fierd wurdt, sa frij ûnferskillich bart dat yn Fryslân. It liket op de stadige protestantisearring dy’t ús kontreien yn de 16de iuw ûndergie. Begien katolyk wie de Fries net, yn it begjin fan de 16de iuw, en kennis fan wat Luther c.s. aanrjochten, kaam mar fragmintarysk binnen. Oant de Opstân yn alle heftichheid útbrekt (tsjin 1580) en de ûnôfhinklikheidsstriid ek by ús it leauwe yn de macht krijt, skarrelet it Fryske sielelibben rêstich hieltyd fierder fuort fan de katolike memmetsjerke, net bot dwers sitten troch tsjerklik of bestjoerlik gesach dat oars wol.

 

Krekt trochdat de protestantisearring him yn Fryslân sa hast ûnsichtber, alteast dreech te fernimmen, ûntwikkele , is net folle te boek steld en mei as gefolch amper historiografysk grip te krijen op de prosessen dy’t Luther en syn neifolgers hjir teweibrochten. Dochs ha de gefolgen fan syn optreden hjir ek fan bliuwende ynfloed west, dat docht bliken út de bydrage yn dit temanûmer oer 500 jier Reformaasje yn Fryslân.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina