(23ste jiergong, nr.4, july/augustus 2017) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Oant fier bûten de lânsgrinzen sprekt Margaretha Zelle, benammen bekend as Mata Hari, bot de ferbylding: Frânske boeken, Dútske, Amerikaanske, in telefyzjesearje troch de BBC; it kin net op. Net sa frjemd dus, dat it Fries Museum dizze hjerst in bysûndere útstalling oan har wijt. Doeke Sijens ûndersiket it libben fan de berne Ljouwerter frou om derachter te kommen wat der no sa spesjaal oan is. Dat smyt in soad eigenskippen op: Mata Hari wie in fantaste, in lúkse prostituee, in minne spionne, in matige keunstneresse, dy't yn har ferlet fan aventoer en lúkse hieltyd har biografy op 'e nij útfûn en sadwaande in web fan riedsels en mytes breide. De achtergrûn fan de Earste Wrâldoarloch heakke dêr grutte dramatyk oan ta.

 

Fierder yn dizze edysje it weemoedige langstme nei syn bertedoarp Achlum fan Doeke Hellema, pakesizzer fan de bekende 'kronykboer'. En in teory fan Evert Kramer en Jan Zijlstra oer Dokkum as heidensk bolwurk.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina