(23ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2017) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.Fryslan mei juni 2017-1-cover website

De bysûndere geology fan Fryslân is de oarsaak fan 'ivige' diskusje yn de behearsking fan it oerflaktewetter. Om yn it suden en Lege Midden buorkje te kinnen, moat hieltyd hurder pompt wurde en dêrtroch sakket de boaiem ek hieltyd. Dat kostet jild, in hiel soad jild. En it kostet lânskip. De bou fan it Woudagemaal by Teakesyl is de tastberste utering fan de boerestriid tsjin wetteroerlêst. In histoarysk oersjoch fan Karel Gildemacher.

Fryslân en slavernij' sil guon fernuverje en hiel skokkend is it net, mar Iris van der Veen kaam ek Fryske spoaren fan dat smoarge fere tsjin. Yn dizze Fryslân noch twa ûnderwerpen, dy't ek net ta ús parate kennis hearre: poaterbewarplakken, ûndersocht troch Gerrit Herrema en Bauck fan Hemmema, ús Fryske Jeanne d'Arc, fan teatermakker Sybe Joostema. Drôvich is it hast fergetten lot fan Jo Ubels en har lytse soan Hans. Doeke Sijens socht út watfoar ferhaal achter it aparte monumint op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert sit.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina