Fryslan jan feb 2017-1-cove webside(23ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2017) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Hoopfol gluorke it beloofde lân Amearika foar har dy’t oerlevere wienen oan saken as in mislearre rispinge en sykten, religieuze twingerij en politike ûnmûngens. Sake Kooistra stiet symboal foar tûzenen Friezen dy’t in better libben sochten troch radikaal mei it âlde te brekken. Wim van de Giesen hat syn libben krekt neisocht en beskriuwt in rige fan drama’s: net elke lânferhuzer berikte it paradys.

 

Mei in soad enerzjy is in groep histoarisy (Anne Doedens) en leafhawwers (Jan Houter) al jierren drok mei it betinken fan it ‘Rampjier 1666’. Oars as it bekende ‘Rampjier 1672’ is dat fan seis jier dêrfoar foar in grut part fergetten skiednis. Yn augustus 1666 stutsen de Ingelsen in enoarme Nederlânske hannelsfloat op it Fly (ien fan de beide seegatten nei wrâldstâd Amsterdam) yn brân, mei tûzenen deaden en miljoenen oan skea ta gefolch. In dei letter baarnden de Ingelsen it doarp West-Skylge plat. Dit Holmes’ Bonfire stiet sintraal yn twa artikelen yn dizze Fryslân.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina