Septimber 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

De âldste stêd fan Fryslân, dat is Staveren. In namme dy't op midsiuwske kaarten faak iensum yn in grutte lege omkriten stiet te pronkjen. Sa'n stêd moat dochs wol wat foarstelle, soest tinke. It feest fan 950 jier stedsrjochten wurdt dit jier dan ek op grutte wize fierd. Mar fan de stedske alluere is tsjintwurdich yn Staveren neat te fernimmen. In bolwurk op de midsiuwske grins tusken de Hollânske en Fryske machtsgebieten? Sikest der om de nocht nei. Pakhuzen? Ymposante regintewenningen? Swiere fêstingwurken? Stedspoarten? Yn gjin fjilden of wegen te sjen. Staveren is in leuk stedsje, mar it ferline is net te finen yn it strjitbyld. De skiednis is lykwols hiel nijsgjirrich! Yn dizze Fryslân in tal prikeljende bydragen, lykas dy fan Gerben Abma, dy't him ôffreget wêr't dy wûnderlike tsjinstelling dochs wei komt, tusken gloarjeryk ferline en suffe werklikheid.

Sicco van Albada, dy't in enoarm wurk makket fan syn argyfûndersyk nei foar-Napoleontyske skipsbou yn Fryslân, beskriuwt de âlde Staverske skipsbou, fan grut belang fansels, mei de see sa tichtby. Oer bysûndere hannel op de oseanen troch Staverske skippers wurdt skreaun oan de hân fan in tafallich fûn brânskildere rútsje mei in Staverske foarstelling, dat yn in Amerikaansk museum bewarre wurdt. Dirk Huizinga fertelt oer de ansjofisk-fiskerij dy't koart grutte wolfeart brocht, mar dy't in folslein oar soart fiskerij wie as de gebrûklike. En fansels krijt de ferneamde treinboat omtinken, yn in artikel fan Jelle Koenen. Wat is 'zakkoek', sa freget de lêzer him ôf nei dizze oankundiging. Jeanine Otten makket dúdlik dat dit earder in bekend gerjocht wie, mei dêrby in apart ferhaal oer in Groenlandvaarder. In plak dat elk wit te lizzen, mar dy't net ien oait besocht, is de BB-bunker by Grou, sekuer troch Hans Koppen út de doeken dien. Dick de Boer makket furoare mei syn libbenswurk oer abt Emo (Emo's reis); Jan van Zijverden fertelt oer dit enoarme wurk fan de Grinzer emearitus-heechlearaar. En de Drachtster Feart, dát is nochris in Verbroken Verbinding dêr't Kerst Huisman nóch wol in pear siden oer trochskriuwe kin. De Drachtster dramatyk oer wat wie, wat ferlern gie en wat blykber mar net weromkomme mei. Yn de rubryk Verdwenen Beroepen twa rûge wurkmannen: Yke Koudenburg en Auke Slagter rieden jierren achter elkoar molkbussen fan de boeren lâns de Skoatterlânske dyk nei it melkfabryk De Takomst yn Wolvegea.