Maart 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

It kreambêd hat iuwenlang in boarne fan grutte bliidskip en bot fertriet west. Tal nij libben stoar wer gau, in frou oan it befallen wie yn grutte ûnwissichheid oft se de befalling oerlibje soe. De risiko's wienen grut, de kennis fan komplikaasjes lyts. Oant fier yn de 19de iuw wie it mei de hygiëne by berten striemin steld en dienen froedmasters en froedfroulju soms mear ferkeard as goed. Der binne húshâldingen dêr't oant fjouwer kear ta in 'Tryntsje' of 'Douwe' berne waarden.
Yn dit maartnûmer fan Fryslân in tal boeiende artikelen oer befalle en (soms noait mear) oereinkomme, oer metoaden hoe't froulju fan in bern befoelen (sittend, steand, yn wetter, lizzend, yn de hoksen), watfoar gefaren drigen, watfoar soms aaklike techniken brûkt waarden by de letterlik te nimmen "ferlossing" en wat de rol fan de omstanners wie. Sintraal stiet de frou, yn in libbensfaze dy't frjemd genôch lang troch manlju dominearre is.

By it krijen fan bern binne in soad mystifikaasjes en taboes. Aldere bern krigen de nuverste ferklearringen fan wêr't poppen wei kamen. Holle beammen en earrebarren prikelen blykber de bernefantasy. Yn Burgum en omkriten kamen poppen ûnder de poppestien by de tsjerke wei, dat wist elkenien. Toppunt yn dizze Fryslân is de print mei in kreamfrou yn in bedstede, mei de froedfrou dêrfoar, dy't triomfantlik in poppe út in grutte griene koal foar it ljocht hellet. De frou yn pine op de achtergrûn liket neat mei dizze gûchelact te krijen te hawwen. Om 1900 hinne lit dokter Petrus de Vries fan Easterein in kûveuze meitsje troch in pleatslike timmerman. Te betiid berne bern kinne dêryn oansterkje. Frjemd genôch is it ferset tsjin dizze nijmoadrichheid grut. In ferhaal oer in pionier. Oangeande it ferlossen wie lang konkurrinsjestriid tusken dokters en froedfroulju. Yn Fryslân kenne we in tal bysûndere persoanen: Hendrik van Deventer, Catharina Schrader en Petrus Camper.

Fierder yn dizze edysje útlis oer de 'Tynje' by Grou, in smelle trochstek tusken Pikmar en Peanster Ie. It wurd 'Tynje' komt ek op in oar plak foar. In syktocht nei de betsjutting. Ek it ûnbekende ferhaal fan Ulke Brolsma, foaral bekend as heit en mentor fan syn soan Reinder, kronikeur fan in idyllysk boere-Fryslân. Emigrearre Friezen sprekke noch altyd ta de ferbylding. Der is in grut ûndersyk nei dien en yn Fryslân in tal nijsgjirrige kanten dêrút. Yn de rubryk 'Verdwenen beroepen' dizze kear seinwachter Jelle Zwart.