(20ste jiergong, nr.4, july/augustus 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Jacob van Lennep, dochs wol wat wend, kaam hast wurden tekoart om yn 1823 de pracht te beskriuwen dy't foar syn fuotten lei doe't er ûnder Riis oan de râne fan de Sudersee stie: 'Maar hemel! Als ’t heuvelpad en ’t dennenwoud verdwijnen, maakt ons een betoverend toneel zeer opgetogen. Wat zien we aan onze voet en over ’t koren verschijnen? (..) ’t Zijn, schone Zuiderzee, uw witbeschuimde wateren, die, schromend leed te doen aan zo een oord, de kusten groeten, en met zacht en vreedzaam klateren op ’t zandgruis breken dat zij voeren aan hun boord.’

 


Yn de tiid fan Van Lennep omearme de Romantyk de sûne eigenskippen fan de kust, stimulearre troch dokters dy't sels it drinken fan seewetter oanpriizgen. De basis foar it ûntwikkeljen fan in flinke badkultuer yn it heitelân mei al syn kusten wie lein, sûnder mis ek foar Fryslân mei syn -oant de oanlis fan de Ofslútdyk- enoarme lingtes oan ‘sâlte kusten’. Troch minne berikberheid en bytsje foarsjennings kaam lykwols yn de 19de iuw net folle fan de grûn, nettsjinsteande geunstige foarbylden út Ingelân en Dútslân (kueroarden). It earste Amelanner inisjatyf datearret fan 1853.

Fryslân hie oait leafst sechtjin seebaden, guon mei karakteristike paviljoens (Harns, Hylpen, Makkum) en badhokjes foar manlju en froulju. Dizze ûntstienen doe't de strânkultuer op 'e nij populêr waard en mear sukses hie, oan it begjin fan de 20ste iuw, benammen troch bettere ferbinings en in hegere wolstân. It wie echt ‘poatsjebaaie’, want klaaid yn in lyts stikje tekstyl kopke-ûnder gean, dat wie der grif net by. Badgasten waarden mei koetskes nei de floedline brocht om dêr, klaaid yn in soad lagen klean, oant heechút de ankels it sâlte wetter te fielen. It plezier fan see, sân en strân ha har op de Waadeilannen ûntwikkele ta in enoarme toeristesektor. Oer it foarbyld Amelân giet it yn dizze Fryslân, fierder it seebad fan Harns en it noait sljochte -en dêrom krekt favorite- ‘Riis oan See’.

 

Ek yn dizze edysje: wêrom krige de neatige Frans van Aylva sa'n enoarme grêfstien? Einlings wurdt wurke oan in biografy oer Jelle Zijlstra, in nije stúdzje oer boerekooperaasjes en yn de rubryk 'Schatten van stinzen' it mysterieuze Liauckemastate. Boeiend te lêzen binne de histoaryske motivaasjes fan dr. Oebele Vries, dy't yn syn frije tiid hiel lang in goed fuotballer wie.