(20ste jiergong, nr.2, maart/april 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Fryslân hâldt fan toaniel: hast elk doarp hat syn eigen selskip, fan Achlum oant Ysbrechtum. Jobbegea telt sels fjouwer. De measte spylje yn it Frysk. Mar leafst 138 selskippen binne oansletten by de Stichting Amateurtoaniel Fryslân dy't opliedingen biedt en wedstriden hâldt om de kwaliteit te ferbetterjen. Dy Frysktalige toanielkultuer begûn om 1860 hinne doe't yn Koarnjum de earste toanielferiening oprjochte waard. Al aktyf sûnt de ein fan de 19de iuw binne de selskippen Halbertsma út Wergea, Tesselschade út Hurdegaryp en Rjucht en Sljucht fan De Tynje. Nei de Twadde Wrâldoarloch wurdt de kym lein foar in profesjoneel teaterselskip en yn 1965 ûntstiet de foarrinner fan Tryater, it âldste beropstoanielselskip yn Nederlân. Takom jier fiert Tryater it gouden jubileum.

Yn dizze Fryslân besteegje we omtinken oan in tal aspekten fan dit bysûndere ferskynsel fan Fryske kultuer, it toaniel. Bouke Oldenhof beskriuwt de earste stappen fan Tryater nei in profesjoneel selskip. Anne Schumacher fertelt oer syn twadde libben as spiler by It Huzumer Toaniel. Jelle Krol sketst it suksesfolle priissprekken dat yn de 19de iuw in soad publyk luts. En Doeke Sijens giet yn op it sukses fan Fryse boeken op it poadium.

We begjinne yn dit nûmer ek mei twa nije rubriken. Yn Historici in Friesland fertelle histoarisy oer wat har driuwt yn har ûndersiken en publikaasjes en dêrmei wat Fryske skiednis foar har sa bysûnder makket. Yn de earste ôflevering komt dr. Han Nijdam, hy wurket by de Fryske Akademy, oan it wurd. Yn de earste bydrage fan Schatten van stinsen fertelt Ruud Spruit oer Dekema State en wêrom't de skriuwer Havank dêr sa graach wie.
Ek yn dizze ôflevering: Dennis Worst syn ûndersyk nei de agraryske ferfeaningen, in bysûndere foto út Nij Beets en de ein fan de kantonrjochtspraak yn Snits.