(20ste jierong, nr.3, maaie/juny 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

It is in mearke dat Marijke Muoi as earste yn Fryslân ierappels iet, yn 1742. Wol wie dat in tûke reklameset: as ien fan foarstlik bloed dizze nuvere knol iet, moast se wol feilich wêze. Yn werklikheid waarden ierappels al desennia foar Marijke Muoi iten; it wie relatyf goedkeap folksiten, dat net folle easken oan grûn en klimaat stelde. Sûnt ûndergie dizze teelt in soad hichte- en djiptepunten oant se him benammen yn de Fryske klaaistreek ûntwikkele ta in ekonomyske faktor fan formaat.

Hoe't dat sa kaam is, is in nijsgjirrige fraach, hielendal dêr't it de teelt fan poaters oangiet. Fansels spylje boaiemkwaliteit en it tichtby wêzen fan de see in rol, mar de ynfloed fan de minske is grif sa belangryk. Bysûnder is dat modernisearring, meganisearring, produktfernijing en it eksploitearjen fan nije ôfsetgebieten waarden oanjage troch stypjende bedriuwen, net troch de boeren sels. It byld is dat de hannelers al foar de oarloch yn auto’s omrieden, mar dat de boeren noch oant fier nei 1945 mei hynders wurken. 
It beskrriuwen fan de skiednis fan de Fryske lânbou is matich ûntwikkele: wylst de sektor ek hjoed likegoed wat suvel as lânbou oanbelanget fan grut ekonomysk belang foar Fryslân is, hâlde mar in bytsje minsken har dwaande mei histoarysk ûndersyk derfan. Dizze Fryslân docht in set yn de goede rjochting mei mar leafst fiif artikels oangeande it tema de Fryske ierappel. Fjouwer fan de fiif auteurs binne bern fan de ierappelstreek.

Fierder freget Jan van Zijverden him ôf hoe't dat ek wer siet mei de mummys fan Wiuwert en de anty-ierdstrale-ekspert Bron (waans bedriuw noch altyd aktyf is), gidst Hans Koppen ús lâns de âlde tramline De Jouwer-Snits oan de hân fan wat we noch lâns it trasee fine kinne en lit Frank van der Velden in moaie foto fan it park fan Rinsma State út it besit fan it Fries Museum sjen.