(20ste jiergong, nr.5, septimber/oktober 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Deistige saken wurde gau sleur: we steane der te min by stil, meitsje der bygelyks noait foto’s fan, en beskriuwe se likemin. Histoarysk ûndersyk wurdt der lokkigernôch hieltyd mear nei dien want ‘Alledaagse geschiedenis’ is populêr. Yn dizze Fryslân giet it om wat allegear op tafel kaam yn Fryske húshâldingen, benammen op de enoarme feroaringen yn it lêste kwart fan de 18de iuw en de earste helte fan de 19de iuw.


Ein 18de iuw feroaren de ytgewoantes op it Fryske plattelân fluch. De gewoante ferdwûn om moarns betiid waarm te iten, brij en fisk waarden faak ferfongen troch benammen de ierappel, hielendal doe't de graanprizen heger waarden. Nei de Earste Wrâldoarloch naam de ynfloed fan it lânbouhúshâldûnderwiis gau ta en ûntstie it ytpatroan dat we noch hieltyd kenne: ien waarm miel mei ierappels, griente en fleis, leafst midden op de (wurk-) dei. De húshâldskoalle hie ek grutte ynfloed op tafelmanieren en de organisaasje oangeande it iten. Dat krijt de lêste tiid in soad krityk fanwege de oanstriid nei lykfoarmigens, mar brocht ek hygiëne en omtinken foar sûn iten yn húshâldingen.

Yn België, mar ek yn ús lân groeit it wittenskiplik ûndersyk nei de skiednis fan ús ytgedrach. Almar mear histoarisy hâlde har mei iten en ytkultuer dwaande. Yn dizze Fryslân boeiende artikels fan Jeanine Otten oer feroaringen yn it ytgedrach en oer ‘gasterij’ op in state. Ruud Spruit beskriuwt de faak bewurklike metoades om iten te konservearjen. In hast deistige soarch fan ús foarâlden.
Ek yn dizze edysje in ferslachje fan de werútjefte fan de ûnskatbere Fryske benefisjaalboeken, de stân fan saken oangeande archeologyske oerienkomsten tusken Ingelân en Fryslân, in oersjoch fan de skiednis fan de Amerikaanske wynmotor en steane we stil by de 60ste jierdei fan dat oare symboal fan Fryslân: ús mem.