(20ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

By it begjin fan de ûntdekkingsreizen fan Nederlanners, ein 16de iuw, wie al gau dúdlik watfoar ôfgryslike winsten behelle wurde koenen mei produkten dy't Azië wol fuortbrocht en dy't wy, benammen op tafel, bot misten. Mar de tocht nei de East wie lang en gefaarlik. Doe't elkenien derfan oertsjûge wie dat de ierde yndie rûn wêze moast, betochten tûke lju datst folle rapper lâns de noardrûte koest as hielendal om Kaap de Goede Hoop. It hiele lân wie al gau yn de besnijing fan dizze saneamde Noardpassaazje. Mar inkele djoere proeven letter bliek dit paad ûnbegeanber, want tefolle iis. Dochs hellen de pioniers profyt út har gefaarlike syktocht.

By Nova Zembla binne in hiel soad walfisken, dy't har betreklik maklik fange lieten. Walfisken sitte fol traanhâldend spek, wêrmei't it grutte ferlet oan oalje yn de Gouden Iuw stild wurde koe. Ek de bleinen (gongelstokken, korsetten) en bonken (krabpeallen foar kij) wienen brûkber. Under druk fan Ingelske konkurrinten kaam it 400 jier lyn ta in Nederlânsk kartel foar de fangst fan walfisken en de ferkeap fan de einprodukten: de Noordsche Compagnie, à la de VOC besteande út Keamers, wêrby't nei ferrin fan tiid ek de Keamers Harns en Starum kamen. De walfiskfeart glorearde en ek út Warkum, Molkwar, Makkum en Hylpen foeren skippen út. Doe't de fiskers hieltyd fierder fan hûs moasten foar de fangst, ferskode de ferwurking foar in part nei de thúsbasis en waard ûnder mear Starum ferrike mei traansiederijen dy't in ferskriklike stank ferspraten. It wie in gefaarlike foarm fan fiskerij, dat bewize de ferhalen fan Hidde Dirks Kat fan It Amelân en heit en soan Klaas en Sytse Hoekstra fan Harns.

Dizze Fryslân biedt in ûngebrûklike fariëteit oan artikels: de wat anonime mar taaie Fryske Beweger Durk Okma, wêrom't Zoutepoel by Hearesyl sa hyt, in opfallende ‘Friese Zeelanden’-penning, in wiidweidich stik oer de enoarme populariteit fan frouljusreedriden yn 19de-iuwsk Fryslân en in beskôging oer de fersprieding fan foarbyldprinten dêr't bygelyks sulversmeden har keunsten mei útwurken.