It Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer wurdt droegen troch goed 1.500 leden. Dat is foar de kontinuïteit fan de feriening hiel belangryk. Mei de kontribúsje-ynkomsten kin it Keninklik Frysk Genoatskip in twatal tydskriften útjaan, ekskurzjes en lêzingen organisearje en stipe jaan oan doelen op it mêd fan it Frysk Genoatskip. Mar ekstra stipe is wolkom, want kultuer freget net altyd, mar wol faak it nedige jild

Neist in lidmaatskip kinne jo it wurk fan it Keninklik Frysk Genoatskip ek stypje troch in jefte, in periodike skinking of troch it opnimmen fan ús feriening yn jo testamint.

Jeften en skinkings

De jefte of skinking fan ien kear is de meast foarkommende begeunstiging. In skinking kinne jo altyd dwaan. Sa'n bydrage oan it Keninklik Frysk Genoatskip is yn begjinsel fiskaal ôf te lûken. Dat is lykwols allinne as de jeften mear binne as 1% fan it smoarch ynkommen (mei in minimum fan € 50,-) en net mear binne as 10% fan it smoarch ynkommen.

Ek in periodike skinking is mooglik. Dêrfoar jilde boppeneamde beheiningen net. Sa'n skinking moat yn in notariële akte fêstlein wurde. Jo meitsje sels út watfoar bedrach oft jo alle jierren skinke wolle, oer in perioade fan op syn minst 5 jier. Under betingst dat de totale skinking op syn minst de kosten dekt, nimt it Keninklik Frysk Genoatskip de kosten fan de notaris foar syn rekken.

Opnimmen yn jo testamint

Net allinne by libben, mar ek nei ferstjerren kin in ynstelling as it Keninklik Frysk Genoatskip, dy't algemien nut foar eagen hat, finansjeel stipe wurde.

Erfstelling

By in erfstelling beneame jo it Keninklik Frysk Genoatskip ta (mei)erfgenamt. Dat bart troch middel fan in testamint, dat jo troch in notaris opstelle litte.

Legaat

Foar it neilitten fan in legaat kinne jo ek by de notaris telâne. Der wurdt dan notarieel fêstlein wat jo neilitte wolle oan it Keninklik Frysk Genoatskip. Dat kin in jildbedrach wêze, mar bygelyks ek (ûn)replik guod.

It Keninklik Frysk Genoatskip is - as erkend goed doel - gjin skinkings- of suksesjerjocht skuldich. Jo skinking kin dêrtroch hielendal – sûnder ynhâlden fan kosten – bestege wurde oan it wurk fan it Keninklik Frysk Genoatskip of ien troch jo neier oan te jaan dêrmei gearhingjend doel.

It oanwizen fan it Keninklik Frysk Genoatskip as begeunstige yn in testamint of akte is minder yngewikkeld as jo miskien tinke. Freegje jo notaris der nei.
Foar mear ynformaasje kinne jo fansels ek, oer de mail, skriftlik of telefoanysk, kontakt opnimme mei ien fan de bestjoersleden fan it Keninklik Frysk Genoatskip of it sekretariaat fan ús feriening:


It Keninklik Frysk Genoatskip
Postbus 2637
8901 AC Ljouwert
E-mail: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.
Telefoan: 058-7890789

Troch skinkingen en neilittenskippen krijt it Keninklik Frysk Genoatskip mear finansjele romte. Dat makket it mooglik om projekten út te fieren dy't oars net mooglik wêze soenen. Bygelyks museale oankeapen, it (mei) mooglik meitsjen fan tentoanstellingen en boekútjeften en it dwaan fan ûndersyk. Mei jo skinking drage jo lykwols benammen by oan de kontinuïteit fan ien fan de âldste ferieningen fan Fryslân!