Yn de 180 jier fan syn bestean is it Frysk Genoatskip útgroeid fan in besletten foarnaam genoatskip ta in iepen feriening mei leden út alle lagen fan de befolking. Mar de doelstellingen fan it Genoatskip binne yn de tuskentiid net wêzentlik feroare.

Freerk FonteinIt „Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde" waard yn 1827 oprjochte troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein (foto rjochts), trije hearen út de grutte boargerij. It Genoatskip soe him dwaande hâlde mei it bestudearjen fan de Fryske kultuer yn al syn aspekten. „Werkende leden" hâlden har yn ôfsûnderlike ôfdielingen dwaande mei de taalkunde, de âldheidkunde, de skiednis en de hjoeddeiske tastân fan de provinsje. Fan 1839 ôf liet it Genoatskip boppedat De Vrije Fries ferskine, ûnderwilens ien fan de âldste noch ferskinende tydskriften yn Nederlân.

De leden kamen yn de begjintiid benammen út de Fryske stêden, hienen faak studearre en hienen meastentiids in adellike of patrisyske komôf. Under har wienen in tal rike samlers dy't it Genoatskip stipen mei grutte legaten. De samling keunstfoarwerpen dy't sa opboud waard, foarme de oanset foar de Grote Historische Tentoonstelling dy't yn 1877 troch it Genoatskip organisearre waard. Dizze tentoanstelling waard troch tsientûzenen besocht. In daverjend sukses, ek yn finansjeel opsicht. Mei de opbringsten koe it Eysinga-hûs oanskaft wurde, dêr't yn 1881 it Fries Museum ûnderbrocht waard. Benammen de dêr oanwêzige Hylper stylkeamer (foto links) waard troch resinsinten heech priizge.

As eigener fan it Fries Museum en útjouwer fan De Vrije Fries wie it Frysk Genoatskip oant fier yn de tweintichste iuw de belangrykste wittenskiplike ynstelling yn de provinsje. Boppedat produsearren de (net betelle) „werkende leden" tal fan belangrike stúdzjes, wêrfan't in soad ûnder tafersjoch fan it Genoatskip útjûn waarden. Troch de tanimmende profesjonalisearring fan de skiednis- en kultuerwittenskippen kaam hjir lykwols stadichoan feroaring yn. Sa kaam de yn 1938 oprjochte Fryske Akademy as in profesjonele ynstelling neist it Genoatskip te operearjen. En hoewol't fan kompetysje tusken beide ynstellingen fansels wol ris sprake west hat, kaam it frij gau ta gearwurking. Sa wurdt De Vrije Fries fan diel 42 (1955) ôf yn gearwurking mei de Fryske Akademy útjûn.

Ek de profesjonalisearring yn de museumwrâld hie gefolgen. It Fries Museum waard yn 1970 ûnderbrocht yn in aparte stichting. Under mear omdat it Genoatskip de eksplosyf tanimmende leankosten net mear betelje koe. It wie net de iennige feroaring dy't om 1970 hinne by it Genoatskip wie. Likernôch tagelyk waarden de statuten nei de easken fan de tiid bysteld en waard De Vrije Fries fan in flottere opmaak foarsjoen. Boppedat waard fan 1969 ôf it luchtiger Fries Museum Bulletin útjûn. It wienen belangrike stappen yn in ûntwikkeling dy't sûnt de Twadde Wrâldoarloch stadichoan trochgiet: it omfoarmjen fan it Genoatskip fan in frij sletten nei in iepen feriening. In feriening dy't him net allinne rjochtet op de ûndersiker, mar ek op de gewoane belangstellende.

Yn de ôfrûne 40 jier is de modernisearring fan it Genoatskip fierder trochset. Sa folge it publykstydskrift Fryslân yn 1995 it Fries Museum Bulletin op en sûnt 2002 beheart it Genoatskip dizze webside. Yn it lêstneamde jier, in jubileumjier, krige it Genoatskip ek in nije namme. Boppedat ferliende keninginne Beatrix it Genoatskip it predikaat 'Keninklik'. De offisjele namme is no 'Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur / Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer'. Net allinne is de namme passender, de twatalige beneaming docht ek mear rjocht oan it karakter fan de provinsje, dêr't it Genoatskip yn fêstige is.