KARBRIEF

FAN DE FERIENING

‘KONINKLIJK FRIES GENOOTSCHAP
VOOR GESCHIEDENIS EN CULTUUR /
KENINKLIK FRYSK GENOATSKIP
FOAR SKIEDNIS EN KULTUER’

TE LJOUWERT

 

Namme, sit, doer en doel

Kêst  1

  1. De feriening hat as namme ‘Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur / Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer’. Yn foarkommende gefallen kin it neamen fan it stiftingsjier barre troch ta te heakjen ‘oprjochte yn 1827’ of troch it taheakjen fan ‘anno 1827’ oan de namme. Yn Nederlânsktalige teksten wurdt as ropnamme ‘Fries Genootschap’ brûkt, yn Frysktalige ‘Frysk Genoatskip’. Yn dit karbrief wurdt de feriening hjirnei Genoatskip neamd.
  2. Hy is fêstige yn Ljouwert, oprjochte op seisentweintich septimber achttjinhûndert sânentweintich en oangien foar ûnbeheinde tiid.
  3. It doel fan de feriening is it ûndersyk nei en it fersprieden fan kennis oangeande alles wat de skiednis, argeology en taalkunde fan Fryslân oanbelanget.
    De feriening bestribbet dat doel troch it stypjen fan de eksploitaasje fan de musea yn behear by de ‘Stichting Het Fries Museum’, troch it útjaan of it stypjen fan it útjaan fan skriften, it hâlden fan wittenskiplike byienkomsten en it dwaan fan oare wurksumheden dy’t it doel befoarderje.

Leden

Kêst  2

It Genoatskip bestiet út:

  1. leden;
  2. eareleden;
  3. stipers.

Kêst  3

  1. As leden kinne allinne mar talitten wurde natuerlike persoanen, dy’t de âldens fan achttjin jier berikt hawwe, en ek rjochtspersoanen dy’t it folsleine rjochtsfoech hawwe.
  2. Eareleden binne natuerlike persoanen, dy’t fanwegen harren útsûnderlike fertsjinsten foar it Genoatskip op foardracht fan it algemien bestjoer dêrta troch de algemiene ledegearkomste beneamd binne.
  3. Stipers binne natuerlike persoanen, rjochtspersoanen en ynstellings, dy’t nei goedsizzen fan it algemien bestjoer it Genoatskip stypje mei in bydrage dêr’t de minimumhichte fan troch de algemiene gearkomste fêststeld wurdt.
  4. Alle leden en stipers binne ferplichte om harren adres oan it Genoatskip op te jaan; it lêst opjûne adres jildt as domisylje.

Kêst  4

De kontribúsje dy’t de leden foar harren lidmaatskip betelje moatte wurdt alle jierren troch de algemiene ledegearkomste fêststeld en as it nedich is wizige, sa bedoeld, dat eareleden frijsteld binne fan beteljen.

Kêst  5

It ferieningsjier – dêrûnder begrepen it boekjier – falt gear mei it kalinderjier. Alleman dy’t yn de rin fan it ferieningsjier lid of stiper wurden is, moat de kontribúsje of de jierlikse bydrage oer it hiele jier betelje.

Kêst  6

It lidmaatskip en it stiperskip fan it Genoatskip jouwe rjocht op:

  1. tastjoeren fan in eksimplaar fan it karbrief, en allyksa fan de jierferslaggen en jierboeken fan it Genoatskip De Vrije Fries dy’t nei it yngean fan it lidmaatskip of it stiperskip yn it ljocht jûn wurde;
  2. frije tagong foar de leden, stipers-natuerlike persoanen en harren húshâldingen, op de dêrfoar oanjûne oeren, ta de musea yn behear by de ‘Stichting Het Fries Museum’, ien en oar op fertoan fan de kaart dy’t harren ta dat doel taskikt is;
  3. bywenjen fan de ledegearkomsten en lêzingen, organisearre troch it Genoatskip.


Oanmelden en Beeïnigjen lidmaatskip

Kêst  7

  1. Oanmelden as lid bart skriftlik oan it algemien bestjoer.
  2. Oer talitten beslist it algemien bestjoer, en fan dat syn beslút wurdt de oanbelangjende persoan op syn heechst twa moanne nei oanmelden skrifltik kundskip dien.
  3. It algemien bestjoer hat it foech ta wegerjen sûnder opjefte fan reden. Tsjin dat wegerjen kin de oanfreger yn berop gean by de earstkommende algemiene gearkomste. Sa’n berop moat skriftlik yntsjinne wurde by it bestjoer, binnen in moanne nei de yn lid 2 fan dit kêst neamde meidieling.

Kêst  8

It lidmaatskip of it stiperskip fan it Genoatskip komt in ein oan:

  1. foar leden:
  1. sagau’t in lid fan rjochten net mear bestiet;
  2. troch skriftlik opsizzen troch it lid by it algemien bestjoer tsjin de ein fan allikefolle hokker ferieningsjier mei it yn acht nimmen fan in termyn fan op syn minst ien moanne; c. troch opsizzen fan de kant fan de feriening, wat barre kin bywannear’t in lid net langer foldocht oan de easken foar it lidmaatskip lykas yn it karbrief fêstlein, bywannear’t er syn ferplichting foar de feriening oer net neikomt, en ek bywannear’t de feriening der reedlikerwize net op ferge wurde kin om it lidmaatskip trochgean te litten;
  3. troch opsizzen fan de kant fan de feriening, wat barre kin bywannear’t in lid net langer foldocht oan de easken foar it lidmaatskip lykas yn it karbrief fêstlein, bywannear’t er syn ferplichting foar de feriening oer net neikomt, en ek bywannear’t de feriening der reedlikerwize net op ferge wurde kin om it lidmaatskip trochgean te litten;
  4. troch royemint, dat allinne mar útsprutsen wurde kin wannear’t in lid hannelet yn striid mei it karbrief, regleminten of besluten fan de feriening, of de feriening op ûnreedlike wize neidiel tabringt. Oer opsizzen út namme fan de feriening en royemint, en ek oer de mannichste fan yngong dêrfan, beslist it bestjoer, dat it lid dêr skriftlik fan op ’e hichte bringt. Binnen ien moanne neidat it lid op ’e hichte brocht is fan it beslút fan it bestjoer ta opsizzing of royemint hat er it rjocht fan berop op de algemiene ledegearkomste. Dat berop sil behannele wurde op de earstkommende algemiene ledegearkomste.
  1. foar eareleden:
  1. troch ferstjerren;
  2. troch skriftlik opsizzen by it algemien bestjoer en wol mei yngong fan de mannichste dat dy opsizzing troch it Genoatskip ûntfongen is
  1. foar stipers:
  1. sagau’t in stiper fan rjochten net mear bestiet;
  2. troch skriftlik opsizzen by it algemien bestjoer, en ek troch in beslút fan it bestjoer fanwegen it net of net op ’e tiid beteljen fan harren jierlikse stipe mei yngong fan it jier dêr’t hja harren bydrage net mear foar betelje;
  3. troch skriftlike meidieling op allikefolle hokker stuit troch of út namme fan it algemien bestjoer en mei yngong fan de mannichste dy’t yn de meidieling oanjûn is, dat op syn of har stipe fan it Genoatskip gjin priis mear steld wurdt.

 

Bestjoer

Kêst  9

  1. It algemien bestjoer bestiet út op syn minst sân en op syn heechst alve leden, ien en oar ta syn eigen oardiel; it wurdt keazen troch de algemiene ledegearkomste út de leden.
  2. It algemien bestjoer wiist út syn rûnte in foarsitter, in vice-foarsitter, in skriuwer en in ponghâlder oan, en allyksa plakferfangers fan dy twa lêstneamden.
    Op foarstel fan it algemien bestjoer kinne lykwols by in bestjoersferkiezing de foarsitter, de skriuwer en/of de ponghâlder yn funksje keazen wurde.
  3. De taken fan de oare bestjoersleden wurde troch it algemien bestjoer ûnderinoar fêststeld.
  4. De funksjes fan skriuwer en ponghâlder kinne by ien persoan lizze.
  5. De bestjoersleden wurde beneamd foar in tiidrek fan fjouwer jierren op rige, geane dan ôf en binne foar noch ien tiidrek werkiesber. Hja kinne nei it twadde sittingstiidrek earst wer in sit nimme nei ien jier.
  6. By tuskentiidske fakatueres wiist it algemien bestjoer foar elke fakatuere in plakferfanger oan dy’t de funksje waarnimt oan de earstfolgjende algemiene ledegearkomste ta, dêr’t dan yn ret wurde sil mei de besetting fan de fakatueres.
  7. By tuskentiidsk ôfgean makket de nij-keazene de sittingsjierren fol fan dyselde yn waans plak oft er komd is en is noch foar ien tiidrek werkiesber.
  8. De bestjoersleden wurde keazen by absolute mearderheid fan stimmen
  9. Alle bestjoersleden, dyselden dy’t foar in beskate tiid beneamd binne ek, kinne altyd troch de algemiene gearkomste ûntslein of tydlik bestjoerslid-ôf makke wurde. As by in tydlik út funksje setten net binnen trije moannen in beslút ta ûntslach nommen wurdt, komt it oanbelangjende besjoerslid werom yn funksje.

Kêst  10

  1. It deistich bestjoer bestiet út foarsitter, skriuwer en ponghâlder.
  2. It deistich bestjoer hat as taak it beregeljen fan de deistige gong fan saken en it útfieren fan de besluten fan it algemien bestjoer en fan de algemiene ledegearkomsten.
  3. It deistich bestjoer komt sa faak gear as it dat needsaaklik achtet yn it belang fan it Genoatskip, mar op syn minst ien kear yn it fearnsjier.

Kêst  11

  1. Mei útsûndering fan de beheiningen neffens it karbrief is it algemien bestjoer belestige mei it bestjoeren fan de feriening. It algemien bestjoer hâldt syn foech ta hanneljen, ek al is it net folslein yn tal neffens wat yn dit karbrief bepaald is. It algemien bestjoer hat it foech om ûnder syn ferantwurdlikens beskate parten fan syn taak útfiere te litten troch kommisjes dy’t troch it bestjoer beneamd wurde. It bestjoer hat ek it foech ta it sluten fan oerienkomsten ta it keapjen, ferfrjemdzjen of beswierjen fan registergoed, it sluten fan oerienkomsten dêr’t de feriening him as boarch of solidêre skuldner by ferbynt, him foar in treddenien sterk makket of him ferbynt ta wissichheidstelling foar in skuld fan in treddenien.
  2. It algemien bestjoer komt sa faak gear as it yn it belang fan it Genoatskip needsaaklik achtet, mar op syn minst twaris yn it jier.
  3. Alle bestjoersbesluten wurde nommen mei absolute mearderheid fan stimmen. By stûkjen fan stimmen as it om persoanen giet beslist it lot. By stûkjen fan stimmen as it om allikefolle hokker oar ûnderwerp giet beslist de foarsitter. Oer saken wurdt mûnling stimd, behalven as de gearkomste oars beslist, oer persoanen wurdt skriftlik stimd, behalven as de gearkomste beslút ta beneaming by akklamaasje.
    Rjochtsjildige besluten kinne allinne nommen wurde bywannear’t op syn minst de helte fan it tal sittinghawwende bestjoersleden bywêzich is.
  4. Troch de soarch fan de skriuwer wurde de gearkomsten – by foarkar skriftlik – gearroppen mei fermelden fan plak, begjintiid en wurklist en mei yn acht nimmen fan in termyn fan op syn minst trije dagen, de dei fan gearroppen en de dei fan gearkommen net meiteld. Yn de bestjoersgearkomste kinne njonken de punten dy’t op de wurklist pleatst binne, ek oare ûnderwerpen op it aljemint brocht wurde. De bestjoersgearkomste beslist by mearderheid fan stimmen oft sokke ûnderwerpen, dy’t net op de wurklist pleatst binne, behannele wurde sille òf dat se oanhâlden wurde sille oant in folgjende bestjoersgearkomste.
  5. Bywannear’t de foarskriften yn de foarrige alinea’s fan dit kêst oer it oproppen en hâlden fan de gearkomsten net yn acht nommen binne, kinne lykwols yn in gearkomste fan it algemien bestjoer rjochtsjildige besluten nommen wurde, mitsdat alle leden fan it algemien bestjoer bywêzich binne òf mei it brûken fan in skriftlike folmacht fertsjintwurdige binne troch in oar lid fan it algemien bestjoer. Elk lid kin mar twa oare leden fertsjintwurdigje.
    Yn dat gefal is in mearderheid fan twa tredde fan de stimmen fereaske.
  6. Besluten fan it algemien bestjoer kinne ek sûnder gearkomste ta stân komme. Dêrta is fereaske, dat de foarstellen skriftlik (op papier of elektroanysk) oan alle leden fan it algemien bestjoer bekend makke wurde en op syn minst twa tredde fan de leden fan it algemien bestjoer him skriftlik (op papier of elektroanysk) te’n geunste fan dy foarstellen útsprekt.
    Fan de besluten dy’t sa ta stân kommen binne, wurde oantekens makke yn de notulen fan de gearkomsten fan it algemien bestjoer, dy’t de skriuwer byhâldt.

 

Fertsjintwurdiging

Kêst  12

De feriening wurdt rjochtlik en bûten it rjocht fertsjintwurdige troch twa bestjoersleden, ûnder wa de foarsitter, de skriuwer of de ponghâlder.

Kêst  13

  1. De skriuwer makket de oantekens fan wat yn de gearkomsten behannele is en docht yn de algemiene ledegearkomste alle jierren ferslach fan wat it Genoatskip út ’e wei set hat en fan de tastân fan it Genoatskip oer it ôfrûne jier.
  2. Hy fiert as sadwaande de briefwiksel foar en út namme fan it Genoatskip.

Kêst  14

  1. De ponghâlder beheart de finânsjes en stiet noed fan de boekhâlding, ûntfangsten en de útjeften, ien en oar yn oerlis mei it deistich bestjoer.
  2. De ponghâlder leit yn de algemiene ledegearkomste ferantwurding fan jildbehear ôf oer it ôfrûne ferieningsjier.

Kêst  15

Troch de algemiene ledegearkomste wurdt alle jierren in kommisje beneamd fan trije leden, dy’t gjin sit hawwe yn it algemien bestjoer.
De kommisje hat as syn taak om de ferantwurding fan jildbehear oer it ôfrûne ferieningsjier dy’t de ponghâlder foar de algemiene ledegearkomste ôfleit yn it foar te ferifiearjen, dêr oan de algemiene ledegearkomste ferslach fan te dwaan en te advisearjen oer it desjarzjearjen fan de ponghâlder. De kommisje sil de doelmjittigens fan de útjeften mei beoardielje kinne.

 

Ledegearkomste

Kêst  16

  1. Alle jierren wurdt yn Ljouwert op syn minst ien algemiene ledegearkomste hâlden.
  2. It oproppen ta dy ledegearkomste wurdt dien troch it algemien bestjoer op syn minst fjouwer wiken yn it foar, troch de wei fan brief of meidieling oan de adressen fan de leden en stipers, lykas dy fermeld binne yn de ledelist.
    By de oprop wurde de te behanneljen ûnderwerpen oanjûn.
  3. De wurklist fan dy gearkomste steane ûnder mear de folgjende punten op om te behanneljen:
    1. ferslach fan it bestjoer oer it riden en farren fan it Genoatskip en it belied dat fierd is yn it ôfrûne ferieningsjier, mei dêrby ek it jildbehear en ek behanneling fan de begrutting oer it kommende jier foar goedsizzen troch de gearkomste;
    2. meidieling oangeande de kolleksje yn eigendom fan it Genoatskip;
    3. it opfoljen fan fakatueres yn it bestjoer;
    4. ferslach en beneaming fan de kommisje, neamd yn kêst 15;
    5. fierdere berjochten, meidielings en foarstellen, mei it yn acht nimmen fan de bepalings fan dit karbrief troch it bestjoer of de leden op it aljemint brocht.
  1. Foarstellen om yn de ledegearkomste te behanneljen kinne op syn lêst noch fjirtjin dagen nei de mannichste fan oproppen by it deistich bestjoer yntsjinne wurde.
    Dy foarstellen wurde dan yn in oanfoljende wurklist oan de oprop taheakke.

Kêst  17

Bûtengewoane ledegearkomsten sille alle kearen hâlden wurde as it algemien bestjoer soks winsklik achtet, en allyksa bywannear’t op syn minst in tal leden dat it foech hat ta it útbringen fan ien tweintichste part fan de stimmen oan it algemien bestjoer skriftlik en ûnder krekte opjefte fan de te behanneljen punten in fersyk rjochte hat mei dy strekking.   
Bûtengewoane ledegearkomsten wurde mei in oproppingsbrief belein, konform dat wat yn kêst 16 bepaald is, net letter as fjouwer wiken neidat it fersyk dien is en wol op in dei net letter as fjirtjin dagen en net earder as ien wike nei it ferstjoeren fan it oproppingsbrief, dêr’t de neamde punten yn oanjûn wurde moatte. As it algemien bestjoer binnen fjirtjin dagen net nei dat fersyk harket, dan hawwe de fersikers it rjocht om sels ta it belizzen fan de oanfrege gearkomste oer te gean op de wize oanjûn sa as yn kêst 16.

Kêst  18

Bywannear’t yn de beneaming fan ien of mear bestjoersleden foarsjoen wurde moat, wurdt yn de oprop in oanrekommendaasje fan it algemien bestjoer opnommen.
Tsjinkandidaten kinne steld wurde troch op syn minst fyftjin stimberjochtige leden troch skriftlike meidieling oan it algemien bestjoer binnen fjirtjin dagen nei de mannichste fan ferstjoeren fan it hjirfoar neamde oproppingsbrief. 
Op syn minst acht dagen foar de dei fan de gearkomste wurde de leden troch it algemien bestjoer skriftlik op ’e hichte brocht fan de nammen fan de stelde tsjinkandidaten. De kar fan de bestjoersleden bart út de kandidaten dy’t steld binne neffens itjinge dat hjirfoar yn dit kêst bepaald is.

Kêst  19

  1. De foarsitter, of by dy syn ôfwêzigens, de vice-foarsitter of by ôfwêzigens fan beiden, it bestjoerslid dat it langst yn funksje is, hat de lieding fan de ledegearkomste.
  2. Oan de redendielingen en stimmingen kinne allinne leden en eareleden dielnmme.
    Alle leden of eareleden hawwe rjocht ta it útbringen fan ien stim. Besluten wurde nommen mei absolute mearderheid fan stimmen. Stimme by folmacht is net tastien. Alle stimmingen oer persoanen barre skriftlik, útsein wannear’t de gearkomste beslút ta beneaming by akklamaasje.
    Bywannear’t by stimmen oer persoanen gjinien fan de kandidaten de absolute mearderheid krigen hat, moat der op ’en nij stimd wurde tusken de twa persoanen dy’t de measte stimmen krigen hawwe.
    Stûkje by werstimmen de stimmen op ’en nij, dan beslist it lot. By stûkjen fan stimmen oangeande allikefolle hokker oar ûnderwerp wurdt it foarstel achte fersmiten te wêzen. Blanko stimmen en ûnjildige stimmen jilde as net útbrocht te wêzen. De foarsitter fan de gearkomste beslist yn alle skelen oangeande stimmingen, dêr’t yn dit karbrief net foar ret is.


Wizigingfan it karbrief en ûntbining

Kêst  20

  1. Besluten ta wiziging fan it karbrief en ta ûntbining fan it Genoatskip kinne troch in dêrta beleine algemiene ledegearkomste allinne mar nommen wurde bywannear’t op syn minst twa tredde fan it tal jildich útbrochte stimmen, dy’t op syn minst de helte útmeitsje fan it tal yn it lederegister ynskreaune stimberjochtige leden, him foar de foarstelde wiziging of ûntbining ferklearret.
  2. Soe yn in gearkomste dy’t gearroppen is ta wiziging fan it karbrief of ta ûntbining fan it Genoatskip net op syn minst de helte fan it tal stimberjochtige leden bywêzich wêze, dan sil op syn minst ien moanne mar op syn heechst twa moannen nei de earste gearkomste in twadde gearkomste gearroppen wurde op in troch de earste gearkomste fêst te stellen mannichste. Nije foarstellen ta wiziging of ûntbining wurde yn dy twadde gearkomste net op it aljemint brocht.
  3. Yn dy twadde gearkomste wurdt oer de foarstellen ta wiziging of ûntbining beslist mei in mearderheid fan op syn minst twa tredde fan de útbrochte stimmen, likefolle it tal leden dat bywêzich is.
  4. Foarstellen ta karbriefwiziging of ûntbining wurde dien troch it algemien bestjoer of troch it tal leden bedoeld sa as yn kêst 17, yn it lêste gefal troch skriftlik yntsjinjen by it algemien bestjoer binnen acht dagen nei de mannichste fan ferstjoeren fan it opropbrief.
  5. Foarstellen ta wiziging of ûntbining moatte yn de oprop foar de gearkomste fermeld wurde, wylst in ôfskrift fan it foarstel, dêr’t de foarstelde wizigingen wurdlik yn opnommen binne, as der om frege wurdt ta foldwaan fan de leden steld wurdt. Yn it gefal dat it foarstel konform lid 4 troch de leden dien wurdt sil it foarstel binnen fjirtjin dagen nei ûntfangst troch it algemien bestjoer oan de leden tastjoerd wurde moatte, wylst in ôfskrift fan it foarstel, dêr’t de foarstelde wizigingen wurdlik yn opnommen binne, as der om frege wurdt ta foldwaan fan de leden steld wurdt.
  6. Yn it gefal fan ûntbining bart de likwidaasje troch it algemien bestjoer. Under de likwidaasje bliuwt it karbrief foar safier’t dat mooglik is fan tapassing.
    De bestimming fan it eventueel besteand batich likwidaasjesaldo sil fêststeld wurde troch de algemiene gearkomste yn oerienstimming mei it doel fan it Genoatskip; it argyf moat oerbrocht wurde nei in iepenbier argyfbewarplak.

Sa fêststeld yn de algemiene ledegearkomste fan 3 juny 2008.

P. HEMMINGA foarsitter
T. OPPEWAL skriuwer

 

It wizige karbrief is notarieel fêstlein troch mr. E.M.W. de Lange op 1 desimber 2008 yn Ljouwert.
It foargeande karbrief wie fêststeld yn de algemiene ledegearkomste fan 10 juny 2002.
It Frysk Genoatskip is ynskreaun yn it Hannelsregister fan de Keamer fan Keaphannel en Fabriken foar Noard-Nederlân ûnder nûmer 40001816.