Fryslân wurdt gearstald troch haadredakteur Siebrand Krul, ein/byldredakteur Marijke de Boer, foarmjouwer Frank de Wit en seis redakteuren. Doelstelling is it publisearjen fan boeiende aspekten fan de Fryske skiednis op in wize dy't likegoed tekstueel as yllustratyf oantreklik is.

De redaksje fan it tydskrift bestiet út:

  Marijke de Boer (Sigerswâld, 1971) studearre Sweedsk en Frysk yn Grins. Se wurket by Omrop Fryslân, is einredakteur fan Letterhoeke (Tresoar) en hat in tekst- en oersetburo.

  Kerst Huisman (Terwispel, 1940) begûn as ûnderwizer, waard sjoernalist by de Friese Koerier, dêrnei redakteur by de Leeuwarder Courant. Studearre skiednis yn Ljouwert en Grins. Skreau tal fan publikaasjes oer de Fryske skiednis mei klam op sosjale ûnderwerpen.

  Siebrand Krul (De Knipe, 1955) studearre skiednis yn Grins. Wurke fan 1990-2011 by Uitgeverij Waanders yn Zwolle, is sûnt selsstannich as haadredakteur fan histoaryske tydskriften.
    Hester Postma (Snits, 1978) studearre skiednis yn Ljouwert en Grins. Yn har stúdzje gie se yn 2002 by it Histoarysk Sintrum Ljouwert oan de slach. Se wurket dêr no as projektlieder tentoanstellingen en behearder fan de Topografisch Historische Atlas.

  Meindert Seffinga (Easterlittens, 1961) studearre skiednis yn Grins. Wurket sûnt 1988 by it Frysk Skipfeart Museum (oant 2005 as registrator en tentoanstellingemakker en fan 2005 ôf as direkteur).

  Doeke Sijens (Hantum, 1955) is algemien manager fan de Openbare Bibliotheek Groningen. Hy wie redakteur fan it literêre tydskrift Trotwaer en letter fan De Moanne. Publisearret oer leden fan de keunstnersferiening De Ploeg en is redakteur fan it Ploegjaarboek.

  Jeanine Otten (Amsterdam, 1959), studearre keunstskiednis yn Amsterdam, nei it folbringen fan de 1ste-graads tekenoplieding. Sûnt 2008 kolleksjeregistrator Gemeentemuseum het Hannemahuis / behearder âlde stedsargyf Harns. Publisearret oer lokale skiednis.

  Jan van Zijverden (Waarder (ZH), 1967) studearre maritime skiednis yn Leiden en skiednis oan de VU yn Amsterdam. Wurke by it Scheepvaartmuseum Amsterdam, it Mariniersmuseum Rotterdam, it Fries Museum en is sûnt 2014 haad edukaasje by it Drents Museum yn Assen. Publisearre (maritime) boeken en artikels.