Histoarysk tydskrift Fryslân is as skiednistydskrift in trouwe ôfspegeling fan ús provinsje: in eigensinnich ferline, ryk dokumintearre, fleurich yllustrearre en soarchfâldich argivearre. De redaksje fan Histoarysk Tydskrift Fryslân jout oan dat boeiende ferline in publyksfreonlik gesicht. Elke útjefte befettet sa'n acht artikels, faak is der in oansprekkend tema mei in aktuele link. Dêrneist binne der fêste rubriken, bygelyks oer de stân fan it Fryske histoaryske ûndersyk, en tal fan losse artikels. Belangryk is it 'service-part', mei boekbesprekken, kalinder en nijs.

Histoarysk Tydskrift Fryslân ferskynt seis kear yn it jier.