I Oanleverjen teksten

Omfang en taal: de omfang wurdt yn oerlis mei de redaksje fêststeld (rjochtline: artikel maks. 8000 wurden (ynklusyf noaten), essay maks. 4000 wurden (ynklusyf noaten)). In artikel of essay kin oanlevere wurde yn it Nederlânsk, Frysk, Ingelsk of Dútsk. In artikel of essay yn it Ingelsk of Dútsk fan in non-native speaker moat de auteur sels foar oanleverjen korrizjearje litte troch in native speaker fan dy taal.

Format: Bestannen moatte oanlevere wurde yn ien fan ’e neikommende bestânsyndielingen: .docx of .rtf.
Oanleverje kin allinne oer de e-mail fia it redaksjesekretariaat (e-mailadres sjoch ûnderoan): This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..

II Gearfettingen

Der wurdt yn in apart bestân in gearfetting fan maksimaal 150 wurden by it artikel levere yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk of nei behearsking fan dy talen. De redaksje follet de ûntbrekkende gearfettingen oan. De gearfettingen wurde publisearre op ’e website fan De Vrije Fries.

III Personalia

• De auteur leveret foar de rubryk ‘Over de auteurs’ efter yn it jierboek in koart curriculum (maksimaal 100 wurden). Apart oanleverje.
• It artikel moat foarsjoen wêze fan in foarblêd mei: foarnamme (earste folút, evt. folgjende letter(s), efternamme, titulatuer, adres en funksje.

IV Peer review

De Vrije Fries ferskynt, neist foar algemien ynteressearren, foar in wittenskiplik publyk. Dêrom wurdt dernei stribbe safolle mooglik artikels te peerreviewen.
• Foar it waarboargjen en ferheegjen fan ’e wittenskiplike kwaliteit lit de redaksje him, as dat winske is, advisearje troch eksterne referinten dy’t spesjalisearre binne op it oanbelangjende ûnderwerp en/of brede domeinkennis hawwe.
• Anonimisearre artikels wurde troch dy referinten op syn minst beoardiele op ’e ûndersyksopset, de metodology en de bydrage oan it wittenskiplike fjild. De eksterne feedback wurdt anonimisearre weromkeppele oan de auteur.
• Op basis fan ’e peer review wurdt de auteur mooglik útnûge om it manuskript op ’e nij te besjen. Op it momint fan op ’e nij yntsjinjen wurdt de auteur frege om in taljochting op it al of net ferwurkjen fan ’e eksterne feedback.
• Mei op basis dêrfan beslút de redaksje yn lêste ynstânsje oer al of net opnimmen en it momint fan publikaasje.

V Opmaak ensfh.

Nije alinea’s ynspringe mei in tab (útsein de earste alinea’s nei in kopke of nei in wytrigel).
Beheinde opmaak: tekst oanleverje as platte tekst, d.w.s. gjin ekstra lay-out yn ’e foarm fan opmaakstilen, marzjefersmeljen, dûbele tabs, net ôfbrekke, net útfolje. Yn ’e tekst allinne kursivearringen tapasse; net ûnderstreekje, gjin wurden yn kapitaal skriuwe, net ûnnedich aksintuearring yn wurden brûke. Lettertype Times New Roman, pt. 12. Rigelôfstân 1,5. Helje dûbele spaasjes út de tekst.
Kursyf tapasse by it brûken fan wurden yn in oare taal as dy fan it artikel en by it oanheljen fan boektitels en titels fan kranten en tydskriften.
Tuskenkopkes yn fetprint, nei in wytregel en folgje litte troch in wytrigel; tuskenkopkes net nûmerje.
Sitaten of oanhellingstekens: koarte sitatenmei ‘inkelde’ oanhellingstekens (saneamde inverted comma’s) trochrinnend yn ’e tekst. Lange sitaten wurde yn blok set mei ynspringing en wytrigel derfoar en dernei, sûnder oanhellingstekens. Lettertype Times New Roman, pt. 11.
Titels fan boeken, tydskriften, kranten en skilderijen kursyf. Titels fan artikels en gedichten tusken oanhellingstekens.
Haadletters: neffens de jildende stavering fan ’e keazen taal; yn it Nederlânsk allinne by offisjele namme-oantsjutting: Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, Nederlân, Fryske Beweging, de Ferljochting. Net by: herfoarmen, Fryske bewegers, ferljochte ideeën. Sjoch fierder: ‘Paadwizer Fryske stavering’, op https://taalweb.frl/paadwizer.
Getallen: iuwgetallen folút, dus ‘santjinde iuw’ en net ‘17de iuw’. Sifers ûnder de tweintich en tsientallen oant hûndert folút, útsein yn opsommingen en tabellen.
Ofkoartingen: gjin ôfkoartingen, útsein yn noate-apparaten, dêr’t de ôfkoarting nei in earste folsleine werjefte tusken heakjes yntrodusearre wurdt.
• Yn ’e rinnende tekst wurdt ‘prosint’ hantearre; yn tabellen it %-teken.
• Foar topografyske nammen jildt dat de offisjele skriuwwize hantearre wurdt dy’t heart by de taal fan it artikel; foar de topografyske nammen wêrfan’t yn ’e provinsje Fryslân allinne de Fryske namme offisjeel fêststeld is, wurdt dy namme brûkt.

VI Oanleverjen yllustraasjes, byskriften, tabellen en grafiken

• It yllustraasjebelied fan DVF is funksjoneel; dat wol sizze dat de yllustraasjes betrekking hawwe op ’e rinnende tekst.
• De auteur leveret sels de yllustraasjes (of eventueel suggestjes dêrta) oan en skriuwt sels de byskriften by de yllustraasjes. De auteur kontrolearret sels oft auteursrjocht op de te brûken ôfbylding rêst en freget sels as dat nedich is tastimming by de rjochthawwende, ek foar online publikaasje. De auteur draacht sels de eventuele kosten foar it brûken fan ôfbyldingen.  De auteur jout yn ’e byskrifttekst ek ferkoarte de boarne oan, tusken heakjes (byg. Tresoar, Ljouwert).
• De yllustraasjes moatte yn in apart bestân oanlevere wurde yn it grutst mooglike formaat. Minimaal te ferwurkjen op 10 sm breedte op 300 DPI. By foarkar leverje yn JPG (heechste kwaliteit, dus sûnder kompresje), TIFF of PNG.
• De byskriften moatte ek apart oanlevere wurde.
• Ofbyldingen en byskriften dúdlik nûmerje. Yn ’e tekst wurdt dúdlik makke wêr’t in ôfbylding by heart, fia ‘(ôfb. 1)’, ‘(ôfb. 2)’ ensfh.
• Byskriften begjinne mei nûmer fan ’e ôfbylding en net einigje mei in punt.
• Ofbyldingen en byskriften net yn ’e ferzje fan it artikel pleatse dat foar einredaksje oanlevere wurdt.
• Itselde jildt foar tabellen en grafiken. Net yn ’e tekst ynfoegje, mar as aparte bestannen meistjoere (koptekst fan in tabel is fet). It plak fan tabellen wurdt yn ’e tekst fermeld (‘Tabel 1’).

VII Wize fan annotaasje en boarnefermelding

• Yn DVF wurde (m.y.f. 2017) fuotnoaten brûkt, gjin einnoaten. Noatnûmers yn ’e tekst, yn superskript, oan ’e ein fan in sin pleatse, efter de punt, of it moat wêze dat it eksplikative noaten oanbelanget dy’t betrekking hawwe op in spesifyk wurd/spesifike wurdgroep yn ’e sin. Noaten moatte funksjoneel wêze, net wiidweidich.
• It noate-apparaat wurdt as yn ’e neikommende foarbylden gearstald. By earste fermelding: Boek: Maarten Prak, Gouden eeuw. Het raadsel van de Republiek (Nijmegen 2002); Artikel: Jos Bazelmans, ‘Is Frieslands oudheid tegenwoordig zonder belang?’, De Vrije Fries 82 (2002), 302-309. Tydskrift: Yme Kuiper, ‘Inleiding: de arbeidersbiografie nader bekeken’, It Beaken 70 (2009) 1/2, 1-12. By twa auteurs wurdt ‘en’ tusken de nammen pleatst. By 3 auteurs as hjirnei: G.J.A. Bouma, E. Dijkstra en A. Osinga, Het Friese paard (Drachten 1999). By mear as trije auteurs wurdt allinne de earste namme fermeld mei e.o. derefter, bygelyks: J.C. Besteman e.o., titel. It brûken fan foarletters of foarnammen moat korrespondearje mei hoe’t dy werjûn binne yn ’e offisjele titelbeskriuwing.
• By twadde en folgjende fermelding giet annotaasje neffens it neamde ferkoarte titel-systeem: byg. Prak, Gouden eeuw, 3; Bazelmans, ‘Frieslands oudheid?’, 306; Kuiper, ‘Arbeidersbiografie’, 5.
• Wannear’t in ferwizing identyk is oan ’e foargeande folstiet Ibidem; wannear’t in ferwizing nei deselde boarne ferwiist as foargeande, mar nei in oare side folstiet Ibidem, x (wêrby’t x it nije sidenûmer is). By in selde auteur mei in oare titel wurdt Idem brûkt.
•by ynternetferwizingen datum rieplachtsjen fermelde:
byg. http://www.parlement.com/id/vg09llt0per3/j g baron de mey van streefkerk   (rieplachte 22 maaie 2016). NB gjin hyperlink.
• by sidenûmers gjin ‘s’ of ‘ss’ pleatse foar it nûmer, of it moat wêze dat dat misferstannen jout (lykas by ferwizing nei argyfstikken dy’t al in tagongsnûmer en ynventarisnûmer hawwe). By it brûken fan ôfleveringsnûmers komt in komma efter dat ôfleveringsnûmer.
Titel skripsje net kursyf, mar tusken inkelde oanhellingstekens, byg.: Droog, M., ‘Drukwerk voor iedereen. Het fonds van de Leeuwarder uitgever Abraham Ferwerda (1716-1783)’ (BA-skripsje, Ryksuniversiteit Grins 2012)

VIII Argivalia

Fan algemien nei spesifyk: ynstellingsnamme + plak fan fêstiging, tagongsnûmer, namme fan it argyfbestân, ynv.nû., omskriuwing fan it ynventarisnûmer lykas yn ’e ynventaris stiet en fierder needsaaklike eigenskippen as datums by korrespondinsjes ensfh.

IX De wurkwize fan de redaksje

• Nei binnenkomst fan in artikel wurdt dat troch de hiele redaksje lêzen en beoardiele. Dêrneist kin it artikel anonym foarlein wurde oan in troch de redaksje oan te wizen eksterne saakkundige. Trije oardielen binne mooglik: (1) it artikel wurdt útsein miskien inkelde einredaksjonele wizigingen akseptearre; (2) it artikel wurdt oannommen mitsdat feroaringen oanbrocht wurde; (3) it artikel wurdt wegere.
• Yn ’e gefallen (1) en (2) begeliedt dêrnei ien fan ’e redaksjeleden it fierdere trajekt en hâldt kontakt mei de auteur. De auteur leveret in lêste digitale ferzje fan it artikel yn.
• Nei ynleverjen fan dy definitive ferzje wurdt de tekst trochjûn oan ’e einredakteur, dy’t it rjocht hat om foarstellen ta stilistyske oanpassing te dwaan. De einredakteur leit de lêste ferzje foar fiat oan ’e auteur foar. De auteur krijt in PDF fan ’e opmakke ferzje fan it artikel as printkladde.
• De einredakteur makket it artikel printree.
• De auteur ûntfangt 2 eksimplaren fan De Vrije Fries en in PDF fan it publisearre artikel.

X Copyrights

It Frysk Genoatskip en de Fryske Akademy stribje dernei om nei ferrin fan tiid de ynhâld fan De Vrije Fries op it ynternet te publisearjen. Sûnder fierder tsjinberjocht giet de redaksje
derfan út dat in auteur fan in pleatst artikel dêrta tastimming ferlient.

 

Redaksjesekretariaat (2017)
Arjen Dijkstra: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.