S1945-012 01 lyts websiteDe wrâld fan Joost Halbertsma wie in manljuswrâld: trije bruorren, fiif soannen, kollega’s, gelearden, jonkers. Mar by better besjen spilen de froulju likegoed in grutte rol yn syn libben. En net allinnich yn syn persoanlik libben: hy brocht bygelyks yn lêzingen de beheiningen foar froulju út de fatsoenlike stân op it aljemint. De selsbewuste en berette Fryske frou wie syn model.

Ik wol dit nûmer hawwe