DSC 1803 (2) websiteFoar de oarloch wie der amper oandacht foar minsken mei ferstanlike beheiningen yn Fryslân. Foar bern dy’t net op skoalle mei komme koenen, wienen der fjouwer skoaltsjes foar bûtengewoan ûnderwiis, mar de measten fan dizze bern waarden yn de doarpsskoaltsjes achter yn de klasse set. Taco Kingma hat syn libben wijd om har bettere ûntwikkelingskânsen te bieden. De swaksinnigesoarch, sa’t se doe neamd waard, hat in soad oan dizze ûnderwizerssoan út Aldegea te tankjen.

Ik wol dit nûmer hawwe