SK A 4087De Surinaamske kofjeplantaazje Frederiksdorp brocht om ein 18de iuw hinne grutte rykdom op, mei troch de arbeid fan sa’n hûndert ta slaaf makke persoanen. In part fan it kapitaal is ek yn Fryslân bedarre, yn Harns om krekt te wêzen. Hoe kaam dizze stream fan kapitaal ta stân? En de ferhâldingen op de plantaazje leinen net sa swart-wyt as wol tocht wurdt.

Ik wol dit nûmer hawwe