Gearfettingen downloade

Gearfettingen De Vrije Fries 2015
Gearfettingen De Vrije Fries 2014


Oer de gearfettingen

Fan jier 2014 ôf publisearret De Vrije Fries gearfettingen fan ’e bydragen dy’t opnommen binne yn it jierboek. Dy gearfettingen wurde online oanbean, dat wol sizze: yn PDF-dokuminten op ’e website pleatst.

Lêswizer
  1. De gearfettingen wurde trijetalich oanbean: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De folchoarder is hieltyd sa, dat de taal dêr’t it artikel yn skreaun is as earste folget. Dêrnei komme de Fryske, de Nederlânske en/of de Ingelske oersetting.
  2. Allinnich auteurs dy’t ferbûn binne oan in ynstelling, wurde fermeld mei de namme en it fêstigingsplak fan it oanbelangjende ynstitút. Lêzers dy’t ynteressearre binne yn kontaktgegevens fan auteurs dy’t net oan in ynstelling ferbûn binne, kinne har ta de redaksje rjochtsje.


Peer review proseduere

By it beoardieljen fan artikels makket de redaksje fan De Vrije Fries gebrûk fan peer review. Yntsjinne manuskripten wurde yn dy proseduere toetst op wittenskiplike kritearia lykas:

• Adekwate werjefte fan 'e probleemstelling
• Metodologyske ferantwurding
• Fakynhâldlike krektens fan feiten en analyzen
• Bydrage oan it fjild fan ûndersyk

As dat winske wurdt en nei oerlis mei de auteur leit de redaksje in yntsjinne en anonimisearre manuskript foar oan eksterne referinten. Yn prinsipe stribbet de redaksje nei twa peer reviewers it manuskript dy't selektearre wurde op basis fan har kennis oer it tema dat yn it manuskript behannele wurdt. De kommentaren wurde anonimisearre foarlein oan 'e auteur. Yn lêste ynstânsje beslút de redaksje oer it al of net opnimmen fan it manuskript yn De Vrije Fries. Artikels dy't de peer review proseduere ûndergien hawwe, wurde by publikaasje ûnderskaat mei in asterisk (*).